Plysje pakt twa koperdieven op nei stellerij yn Ljouwert

03 apr 2016 - 07:24

De plysje yn Ljouwert hat sneon twa koperdieven oanhâlden. It giet om in 30-jierrige frou en in 35-jierrige man út de gemeente Frjentsjerteradiel. Oan de ein fan 'e middei krige de plysje in melding dat der koper stellen waard by de Corellistrjitte yn Ljouwert. Doe't de aginten oankamen, wienen de dieven al útnaaid.

Oan de hân fan it kenteken koe de plysje de twa letter oanhâlde. It koper waard oantroffen yn in auto. De auto mei it koper yn 'e kofferbak is troch de plysje yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)