Plysje pakt twa fytsedieven op yn Ljouwert

12 feb 2016 - 16:17

De plysje yn Ljouwert hat freedtemiddei twa fytsedieven oanhâlden. It giet om in 19-jierrige jonge út de gemeente Ljouwerteradiel en in 20-jierrige Ljouwerter. De plysje krige in melding fan in tsjûge dat it duo op de Bleekhof mei in fyts oan it tôgjen wie. Doe't de plysje oankaam, wiene de manlju útnaaid. Sy hiene de stellen fyts efterlitten.

De tsjûge hie harren praten heard oer in sportskoalle. In plysje yn boarger gie nei de sportskoalle en koe it duo dêr oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)