Plysje pakt trije jongeren op foar kontenerbrân yn Ljouwert

04 jan 2016 - 09:27

De plysje fan Ljouwert hat yn de nacht fan snein op moandei trije jonges oppakt foar brânstichting oan it Willem Alexanderplein. Dêr soe it trio in papierkontener yn brân stutsen hawwe. De kontener stie op 20 meter fan in tankstasjon. In tsjûge hie de trije jonges by de papierkontener sjoen en warskôge de plysje. Dy koe it trijetal, fan 13, 15 en 16 jier, oppakke.

De plysje tinkt dat de jonges ek ferantwurdlik wienen foar in brânstichting oan de Soesterdijkstrjitte, in dei earder. Dêr wie in krystbeam yn brân stutsen. De plysje slút meardere brânstichtingen troch it trio net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)