Plysje pakt trije fandalen op

10 aug 2011 - 10:20

De plysje hat op De Linde yn Drachten trije jonges fan 18, 20 en 22 jier út dat plak oanhâlden fanwege fernieling en stellerij. De plysje kaam de trije op it spoar doe't in plysje seach dat by it tunneltsje ûnder De Drait saken fernield wiene. De ynskeakele plysje kaam de trije jonges tsjin, dy't earst ûntkenden dat wat dien hiene.

Doe't de plysje harren folge stapte ien fan de trije in tún yn en stiel dêr wask fan in line. De trije waarden doe oanhâlden en meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)