Plysje pakt trije drugsdealers op yn Drachten

24 apr 2015 - 10:38
  • GHB

De plysje hat tongersdei trije Drachtsters fan 19, 22 en 23 jier oanhâlden foar it besitten en ferhanneljen fan drugs. Plysjes seagen de manlu op de Súdkade yn Drachten. Se liken ûnder ynfloed te wêzen. Doe't se yn in auto stapten, binne se oan kant set. De bestjoerder (22) hie twa pûdsjes mei speed en himp by him. Yn de auto lei ek in fleske mei GHB en guod dêr't GHB mei makke wurde kin.

Yn it hûs fan de 22-jierrige is letter 15 liter GHB en guod om noch mear drugs te meitsjen fûn. Ek waarden twa stellen fytsen yn beslach nommen.

Tsjin it Drachtster trio is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)