Plysje pakt strjitrôvers

11 aug 2006 - 16:38

De plysje hat freedtemoarn betiid yn Ljouwert twa strjitrôvers oanhâlden. De plysjes kamen yn aksje nei in melding fan in 42-jierrige ynwenner fan Frjentsjerteradiel. Dy waard fannacht yn Ljouwert oerfallen troch in pear manlju.

Nei oanlieding fan in sinjalemint koe de plysje de twa fertochten oanhâlde. It giet om in 35-jierrige Ljouwerter en in 43-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Sy sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)