Plysje pakt Snitser sjauffeur

19 maaie 2010 - 10:31

In Snitser (24) is tiisdeitejûn op de stedsrûnwei oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan ferkearsoertredings. Plysje seach dat de man troch read ljocht ried. Doe't de Snitser troch krige dat de plysje him yn de gaten hâlde, ried er hurd fuort. By de achterfolging waarden snelheden helle fan 160 kilometer yn de oere.

Uteinlik koe de man oanhâlden wurde. By kontrôle die bliken dat de man dronken hie en dat syn rydbewiis earder alris skorst wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)