Plysje pakt slûpferkear oer De Holprijp by Tsjom oan

15 apr 2016 - 17:19

De plysje sil kontrôles útfiere op De Holprijp by Tsjom yn ferbân mei slûpferkear. De dyk waard foarich jier tydlik brûkt as omliedingsrûte foar it autoferkear yn ferbân mei de rekonstruksje fan de Frjentsjerterwei. Yntusken is dy dyk wer iepen, mar automobilisten bliuwe gebrûk meitsjen fan de Holprijp.

Dat mei net mear. It dykje wurdt in soad brûkt troch fytsers, hurdrinners en kuierders. Auto's soargje foar steurende en gefaarlike sitewaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)