Plysje pakt sieradedief

22 apr 2014 - 17:48
  • Plysje

De plysje tinkt mei de oanhâlding fan in ynwenner fan Harmelen de stellerij fan sieraden by fiif juweliers yn it Noarden oplost te hawwen. De man beseach by de juweliers de sieraden, dy ûntdutsen as er fuort wie dat er guod meinaam hie sûnder it te beteljen. Hy die dat ûnder oare yn Snits en op 'e Lemmer. Neffens de plysje hat de man foar in bedrach fan 10.000 euro oan sieraden meinaam. De plysje hat by hússikings dêr neat fan werom fûn. De man hat de stellerijen ek ûntkend. It is net dúdlik hoe't de plysje him op it spoar kaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)