Plysje pakt sân ynbrekkers

22 nov 2012 - 16:11
  • Plysjemotor

De plysje hat de ôfrûne fjouwer wiken ekstra surveillearre yn de Trynwâlden, omdat it tal ynbraken dêr tanaam wie. Plysjes hâlden ekstra tafersjoch mei auto's, mar ek op de fyts en rinnende. Mei-inoar waarden sân minsken oanhâlden.  

In oantal fertochten hie ynbrekkersark by him. En ien fan har hie ek stellen guod by him doe't er betrape waard. Dizze man waard ek noch socht foar in oare ynbraak. Hy koe dêroan linkt wurde trochdat dêr DNA-materiaal fan de man fûn wie. It oantal ynbraken is no ôfnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)