Plysje pakt Roemeenske dieven op yn Easterwâlde

03 mrt 2016 - 09:22

De plysje hat woansdei yn in hotel yn Easterwâlde twa Roemeenske manlju en in Roemeensk famke oanhâlden. It trijetal wurdt fertocht fan winkelstellerijen, meast by drogisterijen yn Noard-Nederlân. Ferline wike waard der guod stellen by in drogisterij yn Súdwâlde. Bylden dêrfan waarden dield fia social media. Woansdeitejûn krige de plysje in melding. De twa manlju soene yn in hotel yn Easterwâlde wêze.

Yn de hotelkeamer wie ek it 17-jierrige famke. Der waard ek guod fûn, dat by drogisterijen stellen wie. De fertochten binne nei it plysjeburo brocht en sitte noch fêst foar fierder ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)