Plysje pakt Roemeenske dieven

24 aug 2011 - 10:48

De plysje hat tiisdeitenacht yn Surhústerfean twa Roemeenske ynbrekkers oanhâlden. De plysje krige meldings fan ynbraken op de Heideleane en de Warreboskleane.

Plysjes seagen de auto fan de mannen op de Grinzerstrjitwei en seagen twa mannen mei in bûslampe by in hûs stean. Ien fan de mannen en in ynsittende fan de auto binne oanhâlden. De tredde man naaide út. It giet om in man fan 1.90 meter mei in oranje-rôze t-shirt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)