Plysje pakt rappe riders

17 aug 2011 - 11:05

In Makkumer (52) rekke tiisdei syn auto kwyt. Plysjes seagen him riden yn Boalsert, wylst se wisten dat er gjin rydbewiis hat. Doe't de man de plysjes seach, naaide er út nei de A7. Dêr ried er 170 kilometer wylst 120 mei. By Makkum sette de plysje him oan de kant en moast er syn auto ynleverje.

Twa Snitsers rekken tiisdei it rydbewiis kwyt om't se te hurd rieden. Ien man (58) ried 187 kilometer op de A7. In oar (49) ried op de rûnwei by Snits 135 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)