Plysje pakt oplichter op

16 mrt 2008 - 12:13
  • De fertochte soe ûnder oare Marijke Helwegen oplichte ha

Op in Frysk fakânsjepark is freed in fertochte fan grutskalige oplichting oppakt. Dat barde troch de plysje fan Amsterdam. De man soe bekende Nederlanners, lykas Viola Holt en Marijke Helwegen oplichte ha. Wêr't de fertochte krekt oppakt is, wol de plysje net sizze.

De man wurdt ek fertocht fan it wytwaskjen fan jild en fraude. By syn oanhâlding binne in pear djoere auto's en oare lúkse artikelen yn beslachnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)