Plysje pakt oplichter

14 apr 2006 - 16:31

De plysje yn Gelderlân hat in 56-jierrige man út Nijmegen oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht troch it hele lân hinne âlderein op te lichten. Ek yn Fryslân wie de man aktyf.

Hy belle oan en sei dat er fan de thúsoarch wie of fan in bank. De slachtoffers joegen him har bankpas en pinkoade. De man pinde it heechst mooglike jildbedrach. Mei elkoar hat er by 60 minsken oanbelle en sa 40.000 euro loskrigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)