Plysje pakt oerfallers op

20 nov 2009 - 10:04

De plysje hat de ôfrûne dagen alve ynwenners fan Ljouwert oanhâlden dy't fertocht wurde fan oerfallen. Fjouwer fan harren, yn de leeftyd fan 20 en 21 jier, hawwe neffens de plysje op 12 novimber in Ljouwerter (40) yn syn hûs oerfallen, doe't dy lei te sliepen.

De man rekke ferwûne en moast opnaam wurde yn it sikehûs. By de oerfal waard jild en in GSM meinaam. Sân oare Ljouwerters, yn de leeftyd fan 15 oant 19 jier, binne oppakt foar it oerfallen fan in Gytsjerker (17).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)