Plysje pakt man op nei oanhâldende misledigingen

15 feb 2016 - 10:45
  • Oanhâlding

In 45-jierrige man út Froubuorren is snein yn Ljouwert oanhâlden om't hy op it Ruterskertier plysjes misledige. De plysjes warskôgen de man meardere kearen dat hy ophâlde moast, mar hy gie dochs troch mei it misledigjen. Wêrom hy dat die is net bekend. De man hat in skoft fêstsitten en is mei in proses-ferbaal nei hûs stjoerd.

In oare man, in 46-jierrige Ljouwerter, is sneintejûn oanhâlden nei't hy him ferfelend gedroech by it gebou fan de Feilichheidsregio yn Ljouwert. Ut ûndersyk die bliken dat dizze man socht waard as fertochte yn in ûndersyk nei in swiere mishanneling. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)