Plysje pakt lulke Lemsters op

19 nov 2013 - 10:24
  • Plysje oanhâlding

In 56-jierrige Lemster en syn 51-jierrige freondinne binne moandeitejûn oppakt omdat se de plysje misledige en bedrige hawwe. De plysje waard yn earste ynstânsje oproppen omdat de man spul hie mei de frou. Hy misledige de aginten en waard dêrom oanholden. Nei syn frijlitting bedrige hy tillefoanysk minsken fan de alaarmsintrale.

By de twadde oanhâlding waard syn freondinne sa oerémis, dat se besocht om in plysjeauto te fernielen. Beide lulke Lemsters binne meinommen nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)