Plysje pakt Ljouwerter op foar strjitoerfal op frou

04 des 2015 - 09:58

De plysje hat tongersdeitejûn in 38-jierrige Ljouwerter oanholden. In frou fan 47 jier út Ljouwert sei dat de man har yn de wyk Bilgaard mei geweld tsjin de grûn wurke hie. Dêrnei naaide er sûnder bút út.

It slachtoffer koe in goed sinjalemint fan de man jaan. De plysje wist him efkes letter op te pakken yn de Ljouwerterbosk. It slachtoffer docht oanjefte. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)