Plysje pakt leaddieven op by de A32

30 des 2015 - 17:42

De plysje fan It Hearrenfean hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei op de A32 trije mannen út Roemenië oanhâlden. De mannen wurde derfan fertocht dat se pûden mei lead stellen ha. Plysjes fûnen de pûden yn de kofferbak fan de auto fan de mannen.

Se hienen de Roemenen oan de kant setten. It systeem om kentekens te werkennen, melde dat de auto earder belutsen wie by bedriuwsynbraken. De mannen sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)