Plysje pakt laptopdieven op

02 feb 2011 - 10:10

De plysje hat fiif Ljouwerters oanhâlden. Se wurde fertocht fan it trochferkeapjen fan stellen laptops. De kompjûters waarden yn de simmer fan 2009 troch in Ljouwerter (25) stellen by skoallen yn Ljouwert en Grins.

De plysje kaam de hannel op it spoar, doe't ien fan de laptops foar reparaasje by in hanneler brocht waard. Ut it searjenûmer die bliken dat it apparaat stellen wie. Nei ûndersyk koene it ôfrûne healjier fiif fertochten oppakt wurde. Se ha bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)