Plysje pakt kabeldieven

05 jul 2011 - 10:44

De plysje hat moandeitenacht twa Snitsers fan 31 en 38 jier oanhâlden omdat se stroomkabels stellen hiene. By in kontrôle fûn de plysje yn de auto fan de 31-jierrige Snitser ferskate tassen mei stroomkabels en ark. Hy koe net ferklearje hoe't er oan de kabels kaam en waard oppakt.

Syn plakgenoat waard fierderop yn it gers fûn. Hy moast ek mei nei it buro. Yn de auto trof de plysje ek noch in grutte partij wyt poeier oan, nei alle gedachten drugs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)