Plysje pakt jonge dief (14) op

27 nov 2009 - 09:57

In learling (14) fan in skoalle yn Drachten is troch de plysje oanhâlden, omdat er guod fan oare learlingen stellen hie. It giet om jild, in mobile tillefoan en in I-pod. Tsjûgen seagen dat de jonge him fertocht gedroech. Doe't ferskate learlingen guod kwyt wiene, kaam de plysje derby.

Dy fûn it guod werom yn de klûs fan de fertochte. By syn oanhâlding misledige de jonge de plysje en besocht er in plysje te skoppen. De fertochte is nei it buro brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)