Plysje pakt himpkweker op

27 sep 2010 - 10:08

De plysje hat yn Ljouwert sneintejûn in Ljouwerter (45) oanhâlden foar it kweken fan himp. Mei in anonime tip krige de plysje melding fan de kwekerij dêr't in lytse 200 plantsjes yn stiene. De himp en de apparatuer yn de kwekerij is yn beslach naam.

Yn it ramt fan in nije oanpak tsjin himpkwekers is ek de man syn auto, syn tillevyzje en syn laptop yn beslach naam. Ek ûndersiket de plysje hoefolle jild de man mooglik mei de kweek fertsjinne hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)