Plysje pakt Hells Angel op

03 nov 2014 - 15:44

De plysje fan Ljouwert hat sneintemoarn in prominint lid fan motorklup Hells Angels oanholden. De plysje seach de man (50) by in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier stean. Samar ynienen sloech er in slachtoffer (20) ferskate kearen mei de fûst yn it gesicht. It slachtoffer rûn dêrby twa brutsen foartosken op. By de oanhâlding fan de Hells Angels-rider misledige syn freondinne de plysje, wêrnei't ek sy meinaam waard nei it plysjeburo.

By it fûillearjen fan de man die bliken dat er in ferbean wapen by him hie.

Ek hie er noch in straf ûnder betingst iepen stean. Mei dizze mishanneling oertrêde er de betingsten en sadwaande sit er no wer fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)