Plysje pakt helerke munten

01 okt 2012 - 20:36

De plysje hat in jonkje fan 13 jier oanhâlden dy't de ferline wike stellen botsautomunten útdielde. De jonge hie in grut part fan de munten sels hâlden. De 1500 munten waarden ferline wike yn de nacht fan tongersdei op freed stellen op de merke yn Surhústerfean.

Foar eksploitant Herman van Kammen wie de stellerij oanlieding om syn attraksjes lykas botsauto's en draaimûne ôf te brekken. De plysje wol net sizze út hokker doarp it jonkje komt, mar slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)