Plysje pakt Grouster famkes op

16 apr 2010 - 09:52

De plysje hat tongersdei op It Hearrenfean trije famkes út Grou oanhâlden omdat se klean út in winkel stellen. It giet om trije famkes fan 15. By de kassa fan de winkel rekkenen se wol klean ôf, mar doe't se de winkel útrûnen gie it alaarm ôf.

Twa fan 'e trije hiene ek klean by har dy't se net ofrekkene hiene. Yn de klean sieten gatten om't se besocht hiene de befeiligingslabels fuort te heljen. De twa famkes binne oerbrocht nei it plysjeburo en sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)