Plysje pakt groep Ieren

02 feb 2009 - 20:35

De plysje Drinte hat sneon twa Ieren oppakt. De manlju fan 19 en 25 jier wurde fertocht fan oplichting. De manlju ha nei alle gedachten earder aktyf west op de Fryske waadeilannen en De Westereen.

In man út it Drintske doarp Oosterhesselen kocht ôfrûne sneon in boarmasine fan de manlju, mar al gau hie er yn de gaten dat it nep wie. De plysje arrestearre it duo en naam har bestelbuske yn beslach. Se meitsje diel út fan in gruttere groep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)