Plysje pakt fytsedieven yn De Westereen mei help fan tsjûge

22 des 2015 - 11:17

Mei help fan in tsjûge hat de plysje yn De Westereen moandeitejûn twa fytsedieven oanhâlden. It giet om in 18-jierrige man út Twizel en in 28-jierrige ynwenner fan Leek yn Grinslân. De tsjûge warskôge de plysje nei't hy de manlju by it stasjon mei meardere fytsen omtôgjen seach. Der waarden ek fytsen fûn by in skuorre oan de Oastersingel, wierskynlik dêr delset troch de fertochten. It duo is meinaam nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat de 18-jierrige xtc-pillen by him hie.

De pillen binne yn beslach naam. Nei in oprop fan de plysje op sosjale media die de eigener fan ien fan de stellen fytsen oanjefte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)