Plysje pakt fertochte by spoar

03 aug 2013 - 18:02
  • By De Heide stiene ferskate ME-buskes

De plysje hat sneon oan de ein fan de middei op yndustryterrein Hearrenfean-Súd ien fan de fertochten oanhâden, dêr't de plysje al de hiele dei nei socht. De man, dy't ferwûne wie oan in foet, waard troch twa plysjes oanhâlden by it spoar en oerbrocht nei it plysjeburo op It Hearrenfean. In peleton fan de ME wie al de hiele middei nei de man op syk.

It giet om ien fan de manlju dy't sneontemoarn betiid op in plysje-auto ynried. By dat ynsidint waard ek troch de plysje sketten. De plysje giet no ek wer fierder op syk nei de twadde man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)