Plysje pakt dwerse man op

02 jul 2009 - 10:04

De plysje hat woansdei in 28-jierrige Ljouwerter oppakt foar fernielerij. De man hie yn in wenning oan de Schieringerwei syn famylje en plysjes bedrige. Nei alle gedachten hie er drugs brûkt.

De Ljouwerter hie himsels opsletten yn de sliepkeamer, mar it slagge de plysje dochs om him te oermasterjen. De man is oerbrocht nei it buro en foar fierder ûndersyk fêstsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)