Plysje pakt duo op A6 op mei stellen auto en pûde himp

25 feb 2016 - 10:47

In 33-jierrige Ljouwerter en in 34-jierrige frou út Almere binne woansdei op de A6 by Eastersee oanhâlden. De plysje hie in melding krigen dat in hierauto net werombrocht wie en sjoen wie op de A6.

Doe't de plysje se oan de kant setten hie, die bliken dat se yndied yn de bewuste auto rieden en ek in grutte pûde mei himptoppen by har hiene. De planten binne yn beslach nommen en de man en frou sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)