Plysje pakt duo foar mishanneling op 'e Lemmer

15 nov 2015 - 10:20

Op De Lemmer hat de plysje sneontenacht twa manlju oanhâlden foar mishanneling. It giet om in 18-jierrige Lemster en in 23-jierrige man út Emmeloord. De plysje krige in melding oer in fjochtpartij oan de Vuurtorenweg. It is noch net dúdlik wat krekt bard is. Dat ûndersiket de plysje noch. In frou fan 19 jier fan De Lemmer hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)