Plysje pakt drugsoerlêst oan

04 des 2008 - 15:44
  • Plysjes pakke oerlêst oan yn binnenstêd

By in ûnferwachte plysje-aksje binne woansdei 6 minsken oanhâlden yn 'e Ljouwerter binnenstêd. Yn it sintrum soargje drugsdealers en -brûkers foar hieltyd mear oerlêst. Yn it ferline regelen drugsdealers en -brûkers harren saakjes foaral yn steechjes by de Weaze, mar yntusken is de oerlêst nei it sintrum ferpleatst.

Der wurdt no deald tusken it winkeljend publyk. Mei 20 man sterk hat de plysje woansdei besocht it sintrum wer drugsfrij te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)