Plysje pakt drugsoerlêst oan

03 maaie 2005 - 09:44

De plysje hat freed sân minsken oanhâlden en drugs yn beslach nommen, by in ynfal yn in hûs op de Lemmer. De plysje hie klachten krigen oer drugsoerlêst. Der waarden 14 xtc-pillen en 30 gram amfetamine yn beslach naam.

De kommende moannen folgje noch mear aksjes, hat de plysje oankundige. Om de drugsoerlêst op de Lemmer oan te pakken, wurket de plysje gear mei justysje, gemeente, jongerenwurk, de wenningstifting, âlders en skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)