Plysje pakt drugsdealers op

04 apr 2010 - 12:31

De plysje hat freed yn Ljouwert twa manlju oanholden om't se harddrugs by har hiene. It giet om in man (24) út Capelle aan den IJssel en in man (23) sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Surveillearjende plysjes seagen har rinnen op De Weaze.

Om't de plysje wist dat it om drugsdealers gie, waarden se kontroleard. Ien man krige proses-ferbaal en de oare is nei de finzenis brocht om't er noch 30 dagen selstraf útsitte moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)