Plysje pakt drankrider op yn Ljouwert

10 apr 2016 - 09:34
  • Alkoholkontrôle

De plysje yn Ljouwert hat sneontenacht in 26-jierrige man út de stêd oanhâlden foar it riden ûnder infloed fan alkohol. In motorplysje kontrolearre in auto by de Skrâns. By de blaastest die bliken dat de begjinnend bestjoerder tefolle dronken hie.

It rydbewiis fan de man waard op it plysjeburo ynfoardere en hy krige in rydferbod foar tsien oeren. De Ljouwerter moat him ynkoarten ferantwurdzje foar de plysjerjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)