Plysje pakt dief yn Snits op en hâldt twa fytsedieven oan

20 feb 2016 - 10:40

Yn Snits is freed in 33-jierrige man oanhâlden om't er betrape wie by in ynbraak. Hy hie ynbrutsen yn in wenning oan de Napjusstrjitte. De plysje waard warskôge doe't de man yn de rjochting fan de Waling Dykstrastrjitte draafd wie. Hy hie it stellen guod noch by him.

Op It Hearrenfean hat de plysje freed twa jonge manlju oanhâlden foar stellerij en heling fan twa fytsen. It duo hat bekend. Se binne troch de plysje meinaam nei it plysjeburo. Ien fan de twa hie noch in straf fan sechstich dagen iepenstean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)