Plysje pakt dief út Drachten

16 sep 2009 - 12:14

De plysje hat tiisdei in fertochte (38) út Drachten oanhâlden. Hy hie guod stellen út in winkel yn Damwâld. De plysje hie earder dy middei in melding krigen oer in man dy't guod meinaam sûnder te beteljen. Der wie ek in goede beskriuwing oer de auto.

Doe't de plysje de auto letter seach, waard de man oanholden. Yn 'e auto is in fideorecorder, in navigaasjesysteem en in mobile tillefoan oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)