Plysje pakt binde falskemunters

22 sep 2006 - 07:21

De plysje hat yn Fryslân in binde falskemunters oppakt. It giet om fjouwer manlju fan 20 oant 25 jier. Sy hawwe ûnder oare yn Ljouwert besocht om falske euromunten yn te wikseljen foar echte.

Nei in syktocht binne úteinlik 142 falske euromuten fûn, mei Dútske en Frânske opdruk. Ek binne oare ferfalsings fûn. It ûndersyk dêrnei rint noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)