Plysje pakt bierrôvers op

27 des 2007 - 10:37

Twa jonges út de Jouwer hawwe woansdeitenacht net in soad wille hân fan it bier dat se stellen hienen by in winkel yn har wenplak. De twa waarden troch de plysje sjoen op de Sinnebuorren, doe't se dêr mei kratten, fetsjes en blikjes bier rûnen.

Ut it plysje-ûndersyk die bliken dat it bier stellen wie by in winkel oan de Sinnebuorren. De twa jonges fan 16 en 18 binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)