Plysje pakt benzinebende op

06 des 2000 - 10:15

Mei de oanhâlding fan in fjouwertal Ljouwerters hat de plysje in grutte benzinefraude oplost. Twa manlju fan 21 en 37 jier hiene mei stellen paskes út frachtauto's foar 26.000 gûne oan benzine tankt.

In frou (18) en in man (40) ferkochten de benzine dêrnei troch. De groep hie jild nedich foar drugs. De 37-jierrige sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)