Plysje pakt Belgyske dieven

14 feb 2011 - 18:17

De plysje hat moandeitemiddei by it sikehûs fan Ljouwert twa manlju oanhâlden dy't yn Damwâld minsken jild besocht hiene ôfhandich te meitsjen. Yn it winkelsintrum fan Damwâld besochten se minsken jild út de bûse te praten en pinkoades fan minsken los te krijen. Gjinien trape der yn, mar wol waard de plysje warskôge.

Dy rôp de dielnimmers fan Burgernet op mei te sykjen nei in griene BMW mei Belgysk kenteken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)