Plysje pakt 3 fandalen op

18 feb 2010 - 11:13

Mei de oanhâlding fan in jonge (16) út Swolle hat de plysje 7 saken oplost. De Swollenaar hat bekend dat hy by de jierwiksel de ruten fan trije wenten en in winkel yn Burgum stikken smiten hat. Yn dyselde nacht hat hy ek in fyts stellen en in auto fernield. De skea leit om de 6.000 euro hinne.

Yn it ûndersyk nei de fernielings binne ek noch in Burgumer (20) en in Noardburgumer (19) heard. De ien hie holpen by de fernieling fan de ruten. De oare hie in ferkearsboerd opblaasd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)