Plysje op syk nei útlaatfernieler yn Eastersee

26 okt 2015 - 11:13
  • In útlaat

Wykagint Andre van Dalfsen fan De Jouwer ropt ynwenners yn Eastersee op om de útlaten fan harren auto's goed te kontrolearjen. Reden hjirfoar is de fernieling fan de útlaat fan in auto yn dat doarp. De útlaat wie blokkearre mei de dop fan in trekheak. Yn in twadde auto siet de trekheakdop noch yn de útlaat. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)