Plysje op syk nei oerfaller

25 maaie 2004 - 00:00

De plysje Fryslân is yn Ljouwert manmachtich op syk nei in tige gewelddiedige oerfaller. De man hat it ôfrûne wykein twa kear minsken delstutsen doe't hy besocht se te berôvjen. Dy ynsidinten wiene op of yn de buert fan 'e Harnzerstrjitwei.

Omdat de plysje tinkt dat de kâns grut is dat de man it op 'e nij besiket docht de plysje in driuwende oprop om tsjûgen of tips. Wa't wat sjoen hat wurdt fersocht om de plysje te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)