Plysje op syk nei bernelokker yn Noardeast-Fryslân

06 nov 2015 - 16:30

De plysje yn Noardeast-Fryslân siket in bernelokker. In 11-jierrige jonge út Aldwâld seit dat er woansdei achterfolge waard troch in man, yn De Westereen wie dat tongersdei it gefal by in 8-jierrige jonge. Hy soe ek troch de man by de earm pakt wêze.

Yn beide gefallen wienen de jonges ûnderweis op 'e fyts. De plysje docht ûndersyk nei de meldingen, mar hat noch nimmen oanhâlden. Wa't mear wit, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)