Plysje op It Hearrenfean pakt trije winkeldieven

23 mrt 2016 - 07:31

De plysje op It Hearrenfean hat tiisdei trije winkeldieven oanhâlden. It trio hie yn desimber guod stellen by de drogisterij DIO yn De Greiden, en waard no herkend. Ut ûndersyk die bliken dat de fertochten tiisdeitemiddei by de Jumbo guod stellen hie. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)