Plysje oefenet ôfnimmen DNA

25 sep 2012 - 11:57

Tsientallen plysjeminsken hawwe tiisdeitemoarn yn de sportseal fan it plysjeburo yn Drachten oefene yn it ôfnimmen fan DNA. Se diene dat, omdat kommende sneon it grutskalige DNA-ferwantskipsûndersyk yn de saak Marianne Vaatstra begjint.

Marianne Vaatstra waard 1 maaie 1999 om it libben brocht yn in greide by Feankleaster. 8080 manlju út de omkriten fan Feankleaster wurdt frege om DNA ôf te stean. Hjirby sil sjoen wurde oft de manlju mooglik ek famylje binne fan de dieder.

De plysje hat alle dielnimmers útdruklik frege om in ID-bewiis mei te nimmen by it ûndersyk. Manlju dy't dat ferjitte, kinne dochs gewoan meidwaan, seit ûndersykslieder Cor Reijenga. Kommende sneon, de earste dei dat der DNA ofnommen wurdt, wurde 2400 minsken ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)