Plysje-oanfallers langer fêst

23 jan 2012 - 13:53

Alle oppakte fertochten fan mishanneling fan plysjeaginten fan dit wykein bliuwe foarearst fêstsitten. Minsken dy't noch net pakt binne, kinne rekkenje op besite fan de plysje. Dat seit plakferfangend korpssjef Max Daniel. Dit wykein kearde útgeanspublyk yn Kollum en Boalsert har tsjin de plysje. Yn Kollum rekke in plysje út 'e tiid en yn Boalsert rûnen plysjes ferwûnings op. Daniel fynt it ûnakseptabel dat plysjeminsken oanfallen wurde.

Yn de polityk en de plysjefakbûnen klinkt de rop om swierdere straffen en hegere boetes.

Neffens âld-korpssjef Magda Berndsen fan de Plysje Fryslân moat der in útgeansferbod mei meldingsplicht komme foar relskoppers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)